TSJERKWERT – IIsklup Tsjerkwert hold freedtejûn 18 jannewaris in hurdriderij foar grutten. Yn de lêste jierfergadering wienen d’r stimmen opgien foar in oanpassing fan de kategoryën weryn’t de hurdriderij ferriden wurd. Dêrom wienen der no trije kategoryen fêststeld. De jongste groep, bern fanôf de basisskoalle o/m 15 jier, feroaret net. By de froulju en de manlju binne alle leeftiidsgroepen by elkoar setten. Dus in kategory froulju fanôf 16 jier en in kategory manlju fanôf 16 jier.
Earst wienen de jongsten oan bar: 7 jonges en 1 famke. Ilse Galema doarst it op te nimmen tsjin de sterk ridende jonges. Mar it die bliken dat Ilse har mantsje wol stie. Dochs waard se de wol ôfriden, mar dat wie tsjin de úteinlikke twadde priiswinner. Uteinlik waard Arnold Huitema tredde, Klaas-Jan Haytema twadde en Robin Bijlsma earste.
By de froulju wie de dielname mei fjouwer froulju net grut. Wanda Bakker wie net snel genôch tsjin de oare froulju. De prizen by de froulju gongen nei Lieske Nota tredden, Hotske Burghgraef twadde en Thea Zijsling earste.
Ek achttjin manlju kamen oan de start. It wie betyden tige spannend en soms dreech te sjen wa’t no wûn hie. It earste plak yn de ferliezersronder wie foar Jan Postma, twadde waard Durk Walsma en Harmen Postma tredde. Yn de winnersronde gie it der ek tige om wei. Jelle Zijsling waar earste, Dominicus Kuipers twadde en Bertus Rinze Bakker tredde.
#bolswardsnieuwsblad #Friesland